Laden...

Gemeenten sette ek nei weryndieling yn op Frysk taalbelied

20 november 2017 Sân Fryske gemeenten ûndertekenen freed 17 novimber de bestjoerlike oerienkomst Frysk taalbelied. It giet om de gemeenten It Bilt, Frjentsjerteradiel, Ljouwert,...

Zoekresultaten

Wordt geladen...

Gemeenten sette ek nei weryndieling yn op Frysk taalbelied

20 november 2017

Sân Fryske gemeenten ûndertekenen freed 17 novimber de bestjoerlike oerienkomst Frysk taalbelied.
It giet om de gemeenten It Bilt, Frjentsjerteradiel, Ljouwert, Ljouwerteradiel, Littenseradiel, Menameradiel en Súdwest-Fryslân. Ek de provinsje Fryslân en it Ryk binne akkoart mei de bestjoerlike oerienkomst.

Mei yngong fan 1 jannewaris 2018 wurdt de nije gemeente Waadhoeke foarme. De besteande gemeenten Ljouwert en Súdwest-Fryslân wurde útwreide. Der wurdt besocht om it besteande gebrûksnivo fan de Fryske taal der as gefolch fan de gemeentlike fúzje net op efterút gean te litten. As in ynwenner fan de gemeente Littenseradiel yn it Frysk trouwe kin, dan moat it yn de nije gemeente Ljouwert ek mooglik bliuwe.

Mei it ûndertekenjen fan de oerienkomsten stribje de oerheden nei in taalbelied dat strykt mei de ynternasjonale ferdraggen. Dêrby giet it om it Europeesk Hânfêst foar regionale talen en minderheidstalen en de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer.

De provinsje Fryslân wol de gemeenten finansjeel stypje by de fierdere útwurking fan it Frysk taalbelied. Gemeenten sille ien kear yn de trije jier in rapportaazje útbringe oer de stân fan de Fryske taal. Dy rapportaazje stjoere de gemeenten oan it Ministearje fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes.

Foto 1 (002)

Foto 2 (002)

Gemeentehuis: Harlingerweg 18, 8801 PA Franeker, Postbus 58, 8800 AB Franeker T: 14 0517, E: info@franekeradeel.nl

2017 © Gemeente Franekeradeel