Sla het menu over en ga naar de content
null
De gemeente Frjentsjerteradiel bestiet út de sintraal lizzende
stêd Frjentsjer en fjirtjin omlizzende doarpen; Achlum, Doanjum, Furdgum,
Hjerbeam, Hitsum, Easterbierrum, Peins, Pietersbierrum, Rie, Seisbierrum,
Skalsum, Tsjom, Tsjummearum en Sweins.
Der binne ek twa útbuorrens:
Boer en Kleaster-Lidlum.
It sintrum fan Frjentsjer, eartiids universiteitsstêd, beskikt oer in oantal prachtige hystoaryske pânen, mar ek yn de omlizzende doarpen treffe jo hystoaryske pânen of de oerbliuwsels dêrfan oan. Frjentsjer hat in koartlyn opkreaze, gesellich stêdssintrum mei in ferskaat oan winkels. Ek yn in oantal omlizzende doarpen binne winkels wêr 't jo tige goed telâne kinne.
Grutte : 10.426 ha
Ynwenners : 20.545 ( 13.213 yn de stêd
Frjentsjer en 7332 yn de doarpen)
Wenningen : 9.350
Bedriuwen :
955
Frjentsjerteradiel is hystoarysk sjoen in ynteressant gebiet mei terpfynsten
fan 500 jier foar Kristus. Foardat der diken kamen, leine de measte doarpen op
kwelderrêgen.
It lânskip wurdt mei bepaald troch âlde
see- en binnendiken, wêr ‘t de Slachtedyk in hiele bekende fan is.
De Slachtedyk rint fan Easterbierrum oant Rauwerd by Snits en is rom 40 km
lang.
Wannear 't jo in besite oan Frjentsjer bringe, is it tige de muoite wurdich om ris yn it Eise Eisinga Planetarium te sjen. It planetarium is yn de jierren 1774 oant 1781 úttocht en makke troch wolkjimmer Eise Jeltessoan Eisinga. De direkte oanleiding foar de bou fan in planetarium wie in krante-artikel út de maitiid fan 1774. In gelikense stân fan fjouwer planeten soe in mooglike oarsaak wêze kinne fan de ûndergong fan de wrâld. Eisinga beslute om in planetarium te bouwen, om de minsken sjen te litten wat der yn wurklikheid oan de himel barde. Om dit foarinoar te krijen, ferboude hy de souder fan syn wenkeamer. Noch altiten, nei de realisaasje yn 1781, hat it Planetarium eins sûnder ûnderbrekking funksjonearre. It Planetarium lit de aktuele stân fan de planeten sjen. Ek fine jo der in wiidweidige samling fan hystoaryske astronoamyske ynstruminten. 2006 is in jubileumjier foar it Planetarium want it bestiet dan 225 jier. Kommissaris fan de Keninginnne, drs. de hear E.H.T.M. Nijpels, mocht út namme fan de keninginne it predikaat "Koninklijk" oan it Planetarium jaan.
Frjentsjer wie in universiteitsstêd fan 1585 oant 1811. Yn it Museum Martena fine jo tal fan saken dy 't tinken dogge oan dy ferneamde universiteitsperioade. In foarbyld hjirfan is de Senaatskeamer. Fierder sjogge jo sawol âldheden as moderne eksposysjes.
Efter it Museum Martena leit de Martenatún. Jierliks bringe hûnderten minsken in besite oan de tún om de spesjale stinze-planten te bewûnderjen. De tún is by 't maitiid op syn moaist.
Foar in protte minsken is keatsen in ûnbekend begryp, mar it is yn Fryslân folkssport nûmer ien. Der binne, njonken ús lân, noch op syn minst 50 lannen oer de hiele wrâld wêr 't keatst wurdt. Sûnt de Midsieuwen wurdt de sport yn Nederlân beoefene. It keatsmuseum is yn 1972 iepene en is dêrmei it âldste sportmuseum fan Nederlân. Jo sjogge hjir in grutte kolleksje mei wûnen prizen en attributen fan it keatsspul. Sûnt 1995 is it Keatsmuseum ûnderbrocht op de boppeferdjippings fan in ein-midsieuwske stins (in stiennen hûs), de Camminghastins. Dizze stins is in monumintaal gebou, wêryn 't ek de Friesland Bank fêstige is. It keatsmuseum fine jo oan de Voorstraat 2 te Frjentsjer.
De Martinitsjerke leit midden op ‘e terp fan Frjentsjer oan de Breedeplaats. Wannear ‘t de tsjerke krekt boud is, is net bekend. Nei alle gedachten yn de 15e ieu. It blykt lykwols dat der yn 1085 al in tsjerke foar Sint Martinus op dit plak stie. Yn de hjoeddeiske Martinitsjerke is snijwurk te sjen út de 15e en 17e ieu. Ymposant binne de 490, meast geve, grêfsarken út de 16e oant 18e ieu. Op de pylders fan it koar en it skip ûntduts men yn 1860 skildere heiligenfigueren út de 15e ieu. Dizze fresko's binne by de restauraasje fan 1940 ûnder it kalk weihelle en restaurearre.
It nôtdragers- of sekkedragershûske stamt út 1934 en stiet oan de Zilverstraat 28 te Frjentsjer. Yn it nôtdragershûske waarden alle oanfierde nôten, pûlfruchten, bieren en winen kontrolearre en transporterarre. Der is in permaninte tentoanstelling yn fêstige.
Dat Frjentsjer yn de 16e en 17e ieu in bloeiende stêd wie, is ûnder oare te sjen oan it Stêdhûs. It Stêdhûs is tusken 1591 en 1594 boud. It Stêdhûs bestiet út twa seksjes: de âldbou fan 1591 en in westlike ‘nijboufleugel' fan 1760. It pân wie oant 1997 yn gebrûk as stêdhûs, it wurdt no brûkt foar offisjele ûntfangsten en it sletten fan houliken. It unike goudlearbehang yn de riedseal en de trouseal is útfierd yn rococostyl. It Stêdhûs is fêstige oan it Raadhuisplein 1 en is allinne middeis te besjen fan 13.30 oant 17.30 uur.
Ek yn ferskate doarpen binne hystoaryske pânen en/of oare nijsgjirrichheden te finen.
Frjentsjerteradiel hat in grut oanbod op it mêd fan rekreaasje. Sa kinne jo yn Tsjummearum noflik fakânsje hâlde yn bungalowpark Barradeel. Tsjummearum leit tichtby de Waadsee, wêr 't jo in protte fûgels, skulpen en fiedselryk slib fine as gefolch fan it tij. It park hat in ferskaat oan foarsjennings, sa as tennisbanen, ferwaarme iepenloftswimbad mei in sinnegreide, midzjetgolfbaan, organisearre rûnfearten, kompjûter- en ynternettagong, fyts- en skelterferhier.
Rekreaasjepark Bloemketerp yn Frjentsjer is de ynstelling mei fierwei de measte besikers fan Noardwest Fryslân. Njonken in camping is der de mooglikheid foar fitness, tennis, bowle en út iten gean. Wykliks wurdt it park troch mear dan 3 500 minsken besocht. De camping jout plak oan mear dan 600 fakânsjegongers.
Njonken rekreaasjepark Bloemketerp is oan de súdlike kant fan Frjentsjer camping ‘De Skuorre' te finen.
Yn Frjentsjer wurdt yn 2006- 2007 in start makke mei in nije wenwyk, it wen-
en rekreaasjegebiet Frjentsjer-Súd.
In heechweardich wenplan mei
wetterrike buerten en in ferskaat yn wenningen. In foltôge nije wenwyk is
Plan Witzens mei in hiel eigen karakter en in lizzing oan de râne fan de
stêd. Soms komt der yn de binnenstêd in plak frij troch it slopen
of ferpleatsen fan in bedriuw. Dan komt dêr in passende wenbestimming sa
as bou fan apparteminten of in projekt wenjen foar de âlderein. De
gemeente wol it wenjen boppe winkels oanlokliker meitsje troch it realisearjen
fan lúkse hearehûzen.
Yn de doarpen fan Frjentsjerteradiel is it prachtich wenjen. De doarpen lizze allegear yn in bysûnder moai lânskip. In grut part fan de gemeente leit tichtby de Waadsee en biedt prachtige fiergesichten. De doarpen ademje in sfear fan rust en romte.
Frjentsjer is fanâlds in agraryske gemeente. Yn de rin fan de tiid hawwe harren in behoarlik oantal yndustriële en tsjinstferlienende bedriuwen yn de gemeente Frjentsjerteradiel fêstige. Troch de goede berikberens fia de wei (A31), it spoar en it wetter, is Frjentsjer tige geskikt foar bedriuwen. Frjentsjer beskikt oer meardere bedriuwsterreinen wêrûnder Yndustryterreinen East, West en Súd. Yndustryterrein KIE is bouryp makke yn 2005 en biedt prachtige kavels op sichtlokaasjes tsjin skerpe prizen. Yn de omjouwing fan Seisbierrum fine jo in soad túnboubedriuwen.
De gemeente kent trije bestjoersorganen: de gemeenteried, it kolleezje fan b&w en de boargemaster. De ferhâlding tusken de ried en it kolleezje liket op de ferhâlding tusken de Twadde Keamer en it Kabinet. De gemeenteried wurket dan as de Twadde Keamer, it kolleezje fan boargemaster en wethâlders as it Regear. It kolleezje fan Frjentsjerteradiel bestiet út 3 wethâlders, de boargemaster en de gemeentesiktaris.
De gemeenteried wordt direkt keazen troch de boargers en is dêrom de baas yn de gemeente. As folksfertsjintwurdiger bepaalt de ried de kaders (de doelstellings) en kontrolearret ferfolgens oft it kolleezje dizze doelstellings ek echt hellet. Eltse fjouwer jier fine der gemeenteriedsferkiezings plak. De gemeenteried fan Frjentsjerteradiel telt 19 riedsleden. Foar de perioade 2006-2010 is de gearstalling as folget: 5 PvdA, 5 CDA, 3 FNP, 3 Gemeentebelang ,1 VVD, 1 Groen Links en 1 ChristenUnie.
Gemeentehuis: Harlingerweg 18, 8801 PA Franeker, Postbus 58, 8800 AB Franeker T: (0517) 380 380, E: info@franekeradeel.nl
2012 © Gemeente Franekeradeel